Earste jeugdaai fan Fryslân fûn by Oentsjerk
De 10-jierrige Jorn Sikma hat tiisdeitemiddei by Oentsjerk in ljipaai fûn. It wie lykwols net it earste aai fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Dat waard fûn troch Wiebe Kaspersma. Mar Sikma hat wol it earste jeugdaai fan Fryslân fûn. Hy woe hiel graach earder in ljipaai fine as syn heit en dat is him slagge! Sikma sil woansdei troch deputearre Kramer huldige wurde.
It earste ljipaai fan Skiermûntseach is moandei ek fûn. Jan Holwerda seach oan de ein fan de middei it aai lizzen yn in stik greide oan de noardkoant fan de Heerewei. Holwerda hat tiisdeitemoarn in oarkonde en it finerslean krigen. It wie de achtste kear dat er it earste ljipaai fan Skiermûntseach fûn.