Plysje en brânwacht útriden foar fertochte fetten ûnder fiadukt krekt oer de Fryske grins

12 mrt 2019 - 21:22

Yn Oerisel, krekt oer de grins mei Fryslân, is by Baars tiisdeitejûn in oantal fetten oantroffen. Dy fetten leinen ûnder it fiadukt op de N334, oan de Wolterholten. De plysje waard ynskeakele nei in melding en rôp de help fan de brânwacht yn. Ferskate brânwachtkorpsen binne útriden om de ynhâld fan de fetten te ûndersykjen.

Foto: ProNews

Wat der krekt yn de fetten sit, is net bekend. De brânwacht hat ûndersyk dien. De dyk en it gebiet rûnom de fetten wienen in skoft ôfsletten.

Trefwurden: 
A32 fetten Baars N334 Wolterholten
(advertinsje)