Plysje skeakelet help Friezen yn yn syktocht nei dieder sjitpartij Delft

Op 7 augustus ferline jier is yn Delft de 60-jierrige Karel Pronk delsketten. De man dy't hjir nei alle gedachten ferantwurdlik foar is, is Errol Janssen. In opfallende ferskining mei ferskate tatoeaazjes, ek yn syn gesicht. Wat hy krekt mei Fryslân te krijen hat? Janssen is nei de sjitpartij yn de auto stapt en flechte. Syn auto is sjoen yn Fryslân. Tiisdeitejûn wurdt de saak behannele yn it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht.
Errol Janssen © Politie.nl
"Na die 7e augustus lijkt hij wel in rook te zijn opgegaan", fertelt Dick Goijert fan de plysje yn Den Haag. "Uit onderzoek is gebleken dat hij in een auto is vertrokken na die moord in de richting van Friesland."
De tips wize yn de rjochting fan Harns, dêr't syn auto sjoen is. Ek yn Frjentsjer is de auto sinjalearre. "Het gaat om een Volkswagen Polo, voorzien van het kenteken RG-TG-91." Der stiet in beleanning fan 10.000 euro iepen foar de persoan dy't de gouden tip jout.
Dick Goijert fan de plysje oer Errol Janssen
"De vluchtauto is op de avond van de moord gezien bij het clubhuis van de Hells Angels in Harlingen aan de Marconistraat en is later achtergelaten bij de carpoolplaats aan de Getswerderdyk bij Franeker", seit Goijert. "De Volkswagen Polo is daarna woensdag 8 augustus om één uur nog gezien."
Minsken dy't mear witte of tips hawwe, wurdt frege om har te melden by de plysje.