Fryske bedriuwen kinne harren oanmelde om mei te wurkjen oan Wynpark Fryslân

12 mrt 2019 - 20:06

It soe samar ris in soad wurk opsmite kinne: de bou fan in wynpark yn Fryslân. Fryske bedriuwen kinne har begjin april oanmelde foar it wurk oan wynpark Fryslân. Dat hat de provinsje, dy't grutoandielhâlder fan it projekt is, ôfpraat.

De provinsje wol dat Fryske bedriuwen ek meiprofitearje kinne fan it grutskalige projekt, wêrby't 89 wynmûnen yn de Iselmar by Makkum komme. "Wy hawwe no de oprop dien oan it bedriuw om it mooglik te meitsjen dat Fryske bedriuwen meidwaan kinne. En dat sil no barre", seit deputearre Sander de Rouwe.

Dizze tongersdei wurde de kontrakten tusken Wynpark Fryslân en de provinsje tekene.

(advertinsje)
(advertinsje)