Ferbetterjen bioferskaat en romte foar duorsume enerzjy wichtichste provinsjale opjeften

12 mrt 2019 - 19:15

It ferbetterjen fan it bioferskaat, it opfangen fan de gefolgen fan de klimaatferoarings en in goed plak fine foar sinnepanielen en wynmûnen yn ús lânskip; dat binne neffens trije saakkundigen út de praktyk de wichtichste opjeften foar de provinsje de kommende jierren at it giet om ús natuer en lânskip. Fryslân is ea ferkeazen ta moaiste provinsje fan it lân en hat mei it Waadgebiet ek nochris it moaiste natuergebiet. En fansels hawwe wy noch in oantal nasjonale parken, lykas de Alde Feanen en Skiermûntseach.

Dêrneist diele wy noch de nasjonale parken it Drintsk-Fryske Wâld en de Lauwersmar mei de buorlju. Mar natuer en in moai lânskip beheine him net ta nasjonale parken en natuerterreinen; it boerelân is miskien noch wol wichtiger foar hoe't wy de romte om ús hinne belibje. Yn ús provinsje is der mear lân agrarysk yn gebrûk as dat it ornearre is foar de natuer. It ferskaat oan planten, krûden, ynsekten, fûgels en bisten yn dat agrarysk lân kin ek in soad dwaan foar it beskermjen en behâlden fan guon soarten yn ús provinsje.

Foarsitter Albert van der Ploeg fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

"Ik tink dat de wichtichste opjefte it werstel fan it biosferskaat is", seit Albert van der Ploeg. Hy is foarsitter fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden, wêrfan't it grutste part van de 800 leden as boer of partikulier oan argrarysk- en natuerbehear docht om it lânskip te behâlden.

"As je sjogge nei it natuerlik ferskaat yn Fryslân en ek de delgong fan it tal greidefûgels en ynsekten, dan moat der noch wol wat barre. Wy dogge ek al in hiel soad, mar krúsjale saken noch net. Je moatte bygelyks hiel goed om je boaiem tinke en dat is ek in foardiel foar de boer sels. Miskien moatte wy ek nei oare stâlsystemen ta, want wy witte allegearre dat driuwdong net ideaal is. Allinnich it duorret wol tritich of fjirtich jier foardat dizze generaasje lisboksstâlen wer fuort is en hokker systeem hawwe je dan?"

Net allinnich lanlik gebiet

Van der Ploeg sjocht ek nei mear as it lanlik gebiet allinnich. Neffens him moatte wy nei mear bloeiende planten ta; ek yn beboud gebiet. "Mar dat soarte planten is meastentiids wat minder goed te fertarren en dan hawwe je wer in probleem as boer mei CO2 en metaan." De provinsje hat in soad foech om it ien en oar te stimulearjen en dêr ek middels by krigen, mar net genôch.

Dêrom is der ek de klup 'Natuer mei de Mienskip' dy't neffens Van der Ploeg dwaande is om it jild dat der wol is sa goed mooglik yn te setten. Dy middelen moatte boeren ek it ark jaan om it oars dwaan te kinnen. Mar as je mear natuer ha wolle dan kostet dat mear jild, want net alles sil út de merk komme kinne. En wat dat oanbelanget falt der wol wat te kiezen, tinkt Van der Ploeg. Al heart hy net in soad oer dat ekstra jild.

Direkteur Henk de Vries fan it Fryske Gea - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

It ferbetterjen fan it bioferskaat stiet ek heech op de aginda fan It Fryske Gea-direkteur Henk de Vries. "Wy witte allegearre wol dat it min giet mei de ynsekten en ek de fûgels dy't dêrfan libje moatte. Ik fernim ek wol dat it sa stadichoan op de aginda komt fan de bestjoerders", observearret De Vries.

Wat him oanbelanget is natuerynklusive lânbou dêrfoar it bêste ynstrumint. De boeren moatte holpen wurde om harren bedriuwsfiering dêrop oan te passen. Mar dat earste plak fan it bioferskaat op de aginda fan De Vries wurdt dield mei it feroarjende klimaat dêr't wy ús op oanpasse moatte.

Klimaat

De Vries: "We sille te krijen hawwe mei miskien wol gruttere drûchte en swierdere buien en dat moatte je wikselje kinne. Natuerterreinen binne dan goed te brûken om wetter yn op te fangen en dat is ek goed foar de natuer sels." En omdat de provinsje it romtlik belied fêststelt, kin dy dat soarte fan gebieten oanwize.

De provinsje is ek oan set om de natuer oan de kust feilich te stellen, lykas no bart by de Iselmar. De oanpak fan it fean, dat no troch djipteûntwettering fuortrekket, is ek in hiel wichtich item foar De Vries. Hy sjocht mooglikheden yn kombinaasje mei wetteropfang om dochs goed te buorkjen op dat fean en miskien sels dat fean wer groeie te litten.

Kieze

Sawol at it om bioferskaat giet as om klimaat is der wol wat ferskil tusken de politike partijen, fynt De Vries. "Der falt seker wat te kiezen. As je nei de partijprogramma's sjogge, dan hat de iene partij folle mear omtinken foar de griene oplossingen as de oare. By de iene stiet it fertsjinjen boppe-oan en by de oare it goed omgean mei ús wrâld."

Griene enerzjy - Foto: Shutterstock.com

As direkteur fan de Fryske Miljeu Federaasje sit Hans van der Werf middenyn in grut ferskaat oan diskusjes en aksjes dy't derfoar soargje moatte dat wy myn ús allen yn goeie harmony mei ús omjouwing libje kinne. De grutste opjefte foar it provinsjaal bestjoer de kommende jierren is neffens him de romte dy't de omskeakeling nei mear duorsume enerzjyfoarmen kostet en de grutte ynfloed dêrfan op ús omjouwing. Dan hawwe je it oer sinnegreiden, wynmûnen en biofergisters.

"Wy sjogge dat ûntwikkelers op dit stuit al folop dwaande binne om te sjen wêr't je sinnepanielen delsette kinne. En dat binne grutte projekten. Dan prate je oer tsien oant tritich bunder sinnepanielen. En wy ha dat nedich om net mear ôfhinklik te wêzen fan fossile brânstoffen."

Lokaasjes oanwize

Probleem is lykwols dat je it hielendal oan de merk oerlitte, der lokaasjes útrôlje dy't behoarlike neidielen hawwe, seit Van der Werf. "Je sjogge dat dy wynmûnen en sinnegreiden krekt yn de hiele kwetsbere, natuerrike gebieten komme. It binne plakken dêr't yn ferhâlding net in soad minsken wenje en dêr't boeren net it measte fertsjinje kinne."

De provinsje soe dêr belied op loslitte moatte troch plakken oan te wizen en derfoar te soargjen dat minsken of de natuer meiprofitearje kinne fan de opbringsten, fynt Van der Werf. En der falt ek wol wat te kiezen. "Der binne partijen dy't it hiel bot stimulearje wolle sûnder betingsten foarôf en der binne ek minsken dy't der neat fan ha moatte. Foar ús is it gjin fraach at it der komme moat, mar ûnder hokker betingsten."

(advertinsje)
(advertinsje)