It sneinsfuotbal stjert út yn Fryslân

12 mrt 2019 - 18:32

Sneinsfuotbalferienings ferskowe wedstriden hieltyd faker nei de sneon, fusearje of hâlde der hielendal mei op. Dat docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân. Tsien jier lyn wiene der noch 78 klups aktyf op de snein, wylst der dit seizoen noch mar 61 oer binne. Takom seizoen hâlde ek Udiros, Frjentsjer en Burgum op mei de sneinsôfdieling.

Wat bart der?

Benammen yn de lêste trije jier gie it hurd, doe holden der yn totaal tsien klups op. Dit komt nei alle gedachten troch it ferneamde domino-effekt. As ien team de oerstap makket, folget de oare maklik.

"Ek is it echt in maatskiplike tendins", sa seit Willem Schokker, de nije trainer fan Udiros. "De mentaliteit en de ynstelling by de jeugd is de lêste jierren in bytsje feroare. Men wol net mear om 10 oere moarns nei bygelyks Beilen om te fuotbaljen. Dat hat men der net mear foar oer."

Dêrby komt dat de tsjinstân fan de kompetysje ferminderet. De ôfstannen wurde grutter en de spilers wolle net sa fier mear reizgje.

Wêrom?

De belangrykste bysaak yn it libben wurdt dus hieltyd minder wichtich op snein. Sa ek by fuotbalklup Udiros út Nijhoarne. Sy hâlde, nei goed oerlis mei de leden, mei yngong fan takom seizoen op. "Dit is echt net in beslút dat wy samar nommen hawwe", sa stelt foarsitter Henk Kruizinga. "Mar it tal leden naam ôf. Dat hat te krijen mei de fergrizing. Boppedat hiene wy net folle oanwaaks fan jeugdspilers. Sy keazen foar in klup dy't op sneon spilet."

"Der sitte ek in soad supporters fan It Hearrenfean yn ús team", seit oanfierder Jelmer Brouwer. "Dy hawwe in seizoenskaart en wolle graach nei de wedstriden. Dat kin net, as wy sels op snein spylje."

Wy fernimme hieltyd faker, dat jonge spilers op stap wolle. Foar de âlderen is snein in famyljedei.

Henk Kruizinga, Foarsitter Udiros

UDIROS oer de oerstap nei sneon

Trend by Zwaagwesteinde

Ek V.V. Zwaagwesteinde is oan it begjin fan dit seizoen ophâlden. "It wie in dreech beslút", sa fertelt foarsitter Klaas Hoekstra. "It kaam allegear yn in streamfersnelling, omdat wy te min spilers krigen. Yn augustus hiene wy noch njoggen spilers oer en dêr kinne wy net in team fan meitsje. In spanning kaam doe op fuortbestean klup. In protte minsken wolle op snein spylje. Jongeren wolle op sneon nei de kroech en âldere minsken wolle op snein in famyljedei hawwe."

It wie in previntyf beslút. Wy hiene yn augustus noch mar njoggen spilers oer.

Klaas Hoekstra, foarsitter V.V. Zwaagwesteinde

Wat binne de gefolgen?

Benammen de oerstap nei sneon hat gefolgen. Op dizze dei moatte no in soad wedstriden spile wurde. Dit soarget foar druk op de beskikbere akkommodaasjes. "Er kunnen maar twee teams tegelijk spelen op één veld", sa stelt Erik Baas, ferieningsadviseur by de KNVB. "Het is belangrijk dat het speelschema en de velden niet overvol worden."

Dêrneist sakket it nivo om't de kar foar ferienings yn de spilers ôfnimt. "Iedere speler moet plezier beleven aan het voetbal, maar elke keer met 10-0 verliezen is ook niet leuk", sa fertelt Baas. "Daarnaast worden afstanden tussen wedstrijden hoe langer hoe groter. Dat is ook iets waar de KNVB goed over na moet denken."

Ek posityf

It ôfnimmen fan wedstriden op snein is fansels net inkeld negatyf. Udiros ferwachtet in soad oanwaaks fan nije spilers. "Wy witte al dat ús eardere topskoarder weromkomt. Hy wol graach op de sneon spylje", sa stelt Kruizinga.

"It is skande foar de skiednis fan Udiros. Wy wiene dochs altyd in bolwurk op 'e snein", sa folt Schokker syn foarsitter oan. "Mar it is in yn goed berie nommen beslút. It sneinsboek sil tichtgean en sneon mar ris op 'e nij begjinne."

(advertinsje)
(advertinsje)