Soarchrobot Tessa helpt minsken dy't demintearjend binne

12 mrt 2019 - 17:50

Kinne robots helpe om it libben fan minsken mei begjinnende demintens better te meitsjen? Dat wie de fraach dêr't studinten fan hegeskoalle NHL-Stenden har de ôfrûne moannen oer bûgden. Se setten tweintich saneamde Tessa-robots yn by fersoargingstehuzen om te sjen hoe't begjinnend demintearjenden holpen wurde troch de robot.

Yn de hoeke fan de keamer fan frou Sijbesma fan Wommels stiet in soad fan digitale plantebak. Twa eachjes, in strikje foar en wat grien op 'e holle. It is soarchrobot Tessa, dy't der útsjocht as in lytse freon.

Tessa kin prate, werkenne en reagearje op minsken. De robot sil de fersoargjende net ferfange, mar is der inkeld foar ekstra omtinken fan de kliïnt. Sa wurdt minsken ferteld hokker dei it is, oft se nocht ha oan kofje en wannear't se ophelle wurde foar bygelyks de dei-opfang.

Grut ferlet fan Tessa: sechstich persint

Hetty Kazimier-van der Zwaag is ûndersiker by NHL-Stenden en projektlieder fan dit ûndersyk. "Ungefear sechstich persint fan de brûkers jout oan dat it better wurden is", fertelt se. "Der is ek in part fan de kliïnten dat ûnrêstich wurdt fan de robot. Der moat dus goed sjoen wurde nei de soarchfraach, en nei wa't sa'n robot wol of net nedich hat. De belutsen soarchorganisaasjes hawwe yntusken wol sein: wy bliuwe de robots ynsetten by dizze ynstellingen."

Hoe no fierder mei de soarchrobot?

It liket derop dat de soarchrobot yn de takomst mear ynset wurde sil by de behanneling fan begjinnend demintearjenden. Sa hat soarchorganisaasje Noorderbreedte, dy't 10 robots yn de testfaze ynsette, oanjûn dat se wol mear robotten yn de praktyk bringe wolle.

Wol binne der noch wat betingsten. Sa wurket Tessa no noch yn it Hollânsk. Fanút de soarch libbet de fraach oft de robot yn de takomst ek yn it Frysk kommunisearje kin. Der binne nammentlik in soad minsken dy't fan hûs út Frysk prate.

In Frysktalige robot soe foar dy minsken better te begripen wêze. Sa kinne dy minsken better holpen wurde.

Trefwurden: 
demintens soarch robot
(advertinsje)
(advertinsje)