Seis Fryske gemeenten wolle stimmen 'flugger en betrouberder' telle as de rest

12 mrt 2019 - 17:08

Seis Fryske gemeenten dogge by de kommende ferkiezingen mei oan in eksperimint mei it sintraal tellen fan stimmen. It giet om de gemeenten Dantumadiel, Harns, Ljouwert, Noardeast-Fryslân, Opsterlân en Waadhoeke.

Foto: ANP

As oan de ein fan de ferkiezingsdei de stimbussen jûns om njoggen oere ticht gean, telle de meiwurkers fan de stimburo's yn de belutsen gemeenten allinne de stimmen op partijnivo. Sa kin der op de jûn fan de stimming in foarriedige útslach melden wurde.

De stimmen per kandidaat wurde pas de oare deis teld, op in sintrale lokaasje, troch in frisse ploech minsken. It is de bedoeling om it stimproses sa betrouberder en transparanter te meitsjen.

Oare eksperiminten

By eardere ferkiezingen ha der soartgelikense eksperiminten west, ûnder oare by de gemeenteriedsferkiezingen fan Noardeast-Fryslân ein foarich jier.

Minister Kajsa Ollongren fan Ynlânske Saken moast no opnij tastimming jaan foar it eksperimint. Se wurket oan in wetswiziging dy't de sintrale stimmetellerij altyd mooglik meitsje moat.

Op 20 maart kin net allinne stimd wurde foar de provinsjale steaten, mar ek foar it wetterskip. Omrop Fryslân hat rom omtinken foar de ferkiezingen, ûnder oare mei in wetterskipsdebat yn Buro de Vries, en in listlûkersdebat op de dei foar de ferkiezingen,

(Advertinsje)
(Advertinsje)