Klupikoanen prate net fierder mei SC Hearrenfean

12 mrt 2019 - 16:55

De groep rûnom âld-Hearrenfeanfoarsitter Riemer van der Velde lûkt him werom út de petearen mei SC Hearrenfean. Dat hat de groep, dy't neist Van der Velde bestiet út Foppe de Haan, Gertjan Verbeek, Tjisse Wallendal, Henk Hoekstra en Yme Kuiper, tiisdei yn in brief oan de klup witte litten.

Ald-foarsitter SC Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân

Foppe de Haan oer it stilsetten fan de petearen

De brief is rjochte oan it stichtingsbestjoer, de ried fan kommissarissen en de nije direkteur Cees Roozemond. Yn de brief lizze de pommeranten út wêrom't se harren werom lûke út de petearen mei de klup.

Ferskil fan miening

Sa sizze se dat de proseduere by de beneaming fan Cees Roozemond net transparant genôch west hat. Fierder wie de groep Riemer fan doel om earst in plan te skriuwen, en dêrnei pas te sjen nei de ynfolling fan de popkes. De beneaming fan Roozemond stiet der heaksk op.

Hoe siet it ek alwer?

Luuc Eisenga makke op moandei 10 desimber bekend dat er op 1 maart 2019 ophâldt as algemien direkteur fan Sportklup Hearrenfean. Op de spektakulêre parsekonferinsje wurdt bekend dat it Stichtingsbestjoer fan de klup it fertrouwen yn de ried fan kommissarissen opsein hat. Se fine it tiid foar bestjoerlike fernijing.

Roozemond is op dat momint foarsitter fan it Stichtingsbestjoer. Sûnt desimber nimt er ek de (tydlike) funksje fan rfk-foarsitter op him. Wer in moanne letter nimt Roozemond, op 'e nij earst tydlik, de taken fan fuortgeand direkteur Eisenga oer.

Op 5 maart makket Sportklup Hearrenfean bekend dat Roozemond definityf de nije direkteur wurdt.

Fierder fernuveret de groep him oer útspraken fan Roozemond yn de media. Dy hat de problemen by de klup ferskate kearen delbêde. As dat de oertsjûging is, is der neffens de groep net genôch grûn om fierder te praten.

It plan fan team Riemer

It wie de bedoeling fan Van der Velde en dy dat der fjouwer 'denktanken' komme moasten mei elk in eigen ûnderwerp: finânsjes, fuotbal, stadion en kommersje. "Dan moatte je tinke oan fragen as hoe krije wy it stadion wer fol, wat is it DNA fan de klup en hoe soargje wy derfoar dat de supporters har wer ferbûn fiele mei de klup", sei Riemer van der Velde dêr earder oer.

Earste petear

Ferline wike hat de groep rûnom Van der Velde noch yn petear west mei Cees Roozemond, Ried fan Kommissarissen-leden Willem Jan van Elsacker en Peter Bazuijnen, Hein Huisman en Rico Jalink fan it Stichtingsbestjoer. Ek Sjoerd Feenstra wie oanwêzich. Hy tsjinne as soarte fan tuskenpersoan.

Doe waard nei ôfrin troch belutsenen sein dat se allegearre foar harsels bepale moasten oft de petearen in ferfolch krije soene. Dat is no dus net it gefal.

Parseberjocht

De ferklearring fan de groep Riemer is hjirûnder te lêzen.

Mijne Heren,

Zoals in december 2018 al aangekondigd hebben wij u begin januari via de heer Sjoerd Feenstra een voorstel doen toekomen voor het opstellen van een breed gedragen plan van aanpak voor onze club.

Vervolgens is in samenspraak met de heer Feenstra gewerkt aan een notitie waarin een aantal spelregels zijn geformuleerd, die bij het opstellen van het plan van aanpak zouden moeten gelden.

Deze spelregels zijn door ons zonder uitzondering onderschreven. Evenwel werd de enige door ons ingebrachte spelregel door u niet geaccepteerd. Deze betrof het niet definitief benoemen van nieuwe leidinggevende functionarissen gedurende de periode dat aan het plan van aanpak zou worden gewerkt. Tijdelijke invulling van functies was voor ons geen probleem. De tijdsduur voor het opstellen van het plan werd door ons ingeschat op ongeveer zes weken.

Nadat wij op 18 januari wederom door tussenkomst van de heer Feenstra uw bericht ontvingen van het niet accepteren van deze spelregel, overheerste bij ons de teleurstelling. Wij hebben er in het daaropvolgende weekeinde eens rustig over nagedacht en kwamen tot de conclusie dat wij zo niet wilden beginnen.

Wij hebben u op 21 januari bericht gedaan dat ons voorstel hiermee van de baan was en verzocht om een gesprek met een delegatie van uw kant. Uiteindelijk heeft dit gesprek na lang aandringen van onze kant eerst op 6 maart plaatsgehad en hebben we de kans gehad het waarom van de door ons ingebrachte spelregel nog eens toe te lichten.

Een dag voor dit gesprek werden we onaangenaam verrast met de aanstelling van de heer Roozemond als nieuwe algemeen directeur. In de afgelopen week heeft de heer Roozemond in diverse media uitgelegd hoe de club er voor staat. De teneur van de berichtgeving is dat er eigenlijk geen noemenswaardige problemen meer zijn.

De liquiditeit is tot 2022 gewaarborgd zonder dat nog noodgedwongen spelers hoeven te worden verkocht, SC Heerenveen is een rijke club, sponsoren lopen weer naar binnen en ook het stadion raakt langzaamaan weer vol. Verder wordt er keihard gewerkt aan een nieuw beleidsplan. Het doet ons vanzelfsprekend deugd dit te horen, want wij maakten ons in de afgelopen jaren oprecht zorgen over de club en stonden daarin niet alleen. Gelukkig dendert de trein echter verder, hopelijk ook op het goede spoor, en ook na 2022.

In het gesprek met u hebben we afgesproken dat wij nog eens na zouden denken over een vervolg. We hebben daar inmiddels over gesproken, maar zien geen basis voor het alsnog oppakken van het oorspronkelijke idee. Wij waren aanvankelijk vol enthousiasme en hadden er zin in. De reactie op het voorstel heeft ons enthousiasme echter danig bekoeld. Daarnaast staat ook de wijze, waarop gekomen is tot de benoeming van een algemeen directeur, wat ons betreft de samenwerking in de weg.

De daarin gevolgde procedure staat haaks op hoe het zou moeten zijn bij een organisatie, die zoals de heer Roozemond zelf aangeeft, van de mensen op de tribune is. Dit alles maakt dat bij ons het goede gevoel ontbreekt voor een verder vervolg.

Gelukkig hebben we de laatste weken op het belangrijkste onderdeel van de club, het voetbal, aanmerkelijke verbeteringen kunnen zien. Wij hopen dat dit zich doorzet en wensen iedereen bij SC Heerenveen veel succes in de komende tijd. We hopen daar zelf als "feanfans" nog lang getuige van te mogen zijn.

Met sportieve groet,

Foppe de Haan

Gertjan Verbeek

Henk Hoekstra

Riemer van der Velde

Tjisse Wallendal

Yme Kuiper

(advertinsje)