Fjouwer manlju feroardiele ta wurkstraf om wyttaksy

12 mrt 2019 - 16:21

Fjouwer manlju dy't belutsen west ha by de wyttaksy yn Easterwâlde hawwe tiisdei wurkstraffen krigen fan de rjochtbank yn Ljouwert. Twa bruorren fan Easterwâlde begûnen de wyttaksy sawat fiif jier lyn. Se brochten op de fyts drugs rûn dy't earder by harren besteld wie.

Marihûana - Foto: Shutterstock.com

Trije jier lyn rûnen se tsjin de lampe. Mar drekst neidat se wer frij wiene, begûn de âldste fan de twa wer. En hy waard ek wer oppakt, ditkear mei twa oare fertochten.

De âldste broer krige in wurkstraf fan 200 oeren. Hy moat it jild dat er mei de wyttaksy fertsjinne hat, werombetelje. De jongste broer krige in wurkstraf fan 120 oeren. De oare twa fertochten tachtich oeren.

Trefwurden: 
Easterwâlde wyt fyts wyttaksy
(advertinsje)