Kroechbaas Baard betsjinnet dit jier en ek takom jier de doarpsbrêge
Kroechbaas Cobus Prins fan Baard bliuwt dit jier en ek kommend jier de brêge yn it doarp betsjinjen. Dat hat de provinsje tiisdeitemiddei bekend makke. De eigener fan it kafee yn Baard docht dit al sûnt 2016, doe't er it behear oernaam fan de provinsje.
It saneamde 'Recht om uit te dagen-belied' joech Prins de kâns om dy taak oer te nimmen fan de provinsje. It kafee ûntfangt foar de betsjinning fan de brêge 30.000 euro. Nei ôfrin fan it wettersportseizoen 2020 folget in evaluaasje en wurdt besjoen oft it wer ferlinge wurde sil.
Nije brêge
Ynkoarten wurdt ek begûn mei de bou fan in nije brêge. Dat wurdt in stielen flapbrêge mei histoaryske foarmjouwing. De ferwachting is dat dy bou yn 2020 úteinset.