Jagers moatte guozzen ferjeie dy't der hielendal net binne

12 mrt 2019 - 15:56

It komt geregeld foar dat jagers guozzen ferjeie moatte, wylst dy der hielendal net binne. Dat seit deputearre Johannes Kramer. Boeren moatte perfoarst twa kear yn de wike guozzen ferjeie, omdat se oars gjin fergoeding krije foar guozzeskea.

Foto: ANP

Oant no ta jilde dy ferplichting alle wiken, ek op mominten dat der hielendal gjin guozzen wiene. De provinsje hat dat no oanpast. As der gjin guozzen binne, notearret de boer dat op in registraasjeformulier. Allinnich as der guozzen binne, moat de jager se ferjeie.

Neffens Kramer kaam it te faak foar dat der in aksje útfierd wurde moast op in momint dat der gjin guozzen wiene. "Dat late ta wjerstân by de jagers. Dêr ha we nei lústere."

De nije regel jildt bûten de foeraazjeargebieten. Binnen dy gebieten moasten de guozzen altyd al mei rêst litten wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)