Fryslân helpt Harns mei haven en swimbad yn see

12 mrt 2019 - 14:51

De gemeente Harns wurket de kommende jierren gear mei de provinsje Fryslân om de lokale ekonomy te fersterkjen. Der binne ûnder oare plannen om de Tsjerk Hiddesslûzen op te knappen, de fearboatlogistyk te ferbetterjen en om in seeswimbad oan de lizzen.

De haven fan Harns - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

"Harlingen heeft op dit moment vele ambities", seit wethâlder Paul Schoute. "Een goede samenwerking met de provincie is hierbij van onschatbare waarde."

De gearwurking yn Harns is ûnderdiel fan it provinsjale Programma Waddenkust. Dat hat as doel om besteande en takomstige inisjativen te ferbinen.

Trefwurden: 
Harns provinsje seeswimbad
(Advertinsje)
(Advertinsje)