Drachtster (18) ûntkent belutsenheid by gewelddiedige oerfal pizzeria

In 18-jierrige man út Drachten, dy't yn desimber oppakt waard foar belutsenheid by in gewelddiedige oerfal op in pizzeria yn Marum yn Grinslân, seit dat hy der neat mei te krijen hat. Dat waard tiisdei dúdlik by de earste sitting fan de rjochtbank yn Assen.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
By de oerfal yn oktober ferline jier waard de eigener fan de pizzeria út de tiid slein. Hy rekke ferwûne oan syn gesicht. De oerfallers naaiden út mei de kassa.

Untkenne

Begjin desimber waard in fertochte oanhâlden, in man fan achttjin út Roden. Dy seit dat de Drachtster der ek by belutsen is, en ek noch in man fan tweintich út Nuis. De twa beskuldige manlju ûntkenne dat.