Ynslûpers yn wenhûs Harns

03 jul 2012 - 10:27
Achlumerhof Harns - Foto: Google Streetview

De plysje ûndersiket in gefal fan ynslûping fan moandeitemiddei yn in wente oan de Achlumerhof yn Harns. De bewenster wie yn de tún oan it wurk. Doe't de frou der yn rûn omdat de tillefoan gie, wiene der in ûnbekende man en frou yn hûs.

Dy naaiden út doe't se de bewenster seagen. De ynslûpers hiene boppe in sliepkeamer trochsocht. It is noch net bekend oft der ek wat stellen is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)