Drachten: snorfytser lansearre

03 jul 2012 - 10:19
Foto: Omrop Fryslân

By in oanriding yn Drachten is moandei in 19-jierrige snorfytser út dat plak ferwûne rekke. De man krige op de krusing fan de Splitting mei de Bergleane gjin foarrang fan in frou (72) út Bûtenpost.

Troch de botsing waard de snorfytser lansearre. De man bedarre mei syn holle op de dyk. Hy waard ûndersocht troch meiwurkers fan in ambulânse. Syn ferwûnings foelen ta, sikehûsopname wie net nedich.

Trefwurden: 
Drachten oanriding snorfytser
(Advertinsje)
(Advertinsje)