Gaseksploazje op skip by Heech

Wetterplysje (stockfoto) © Omrop Fryslân
Twa minsken binne moandei ferwûne rekke by in gaseksploazje op in boat by Heech. It ûngelok barde moandeitemiddei, doe't it skip by Heech foer. By de eksploazje rekken in man (59) en in frou (60) út Diepenveen ferwûne. Sy rûnen brânwûnen op en waarden foar behanneling nei it sikehûs fan Snits brocht. Twa oare opfarrenden kamen mei de skrik frij.
De boat waard nei de Hegemer haven brocht. De plysje en de helptsjinsten ferlienden assistinsje by it ûngelok.