Man oppakt foar bedriging

03 jul 2012 - 09:56
Poeisz, Oerfal, Ljouwert - Foto: Robert-Jan Boonstra

De plysje hat moandeitemiddei in Ljouwerter (38) oanhâlden foar bedriging. De man rûn lâns in terras oan it Gouverneursplein. Hjir bedrige hy minsken dy't op it terras sieten. Oanslutend skold de man in oare Ljouwerter (62) út yn de Sint Jacobsstrjitte. Doe't dizze frege wêrom't er dat die, besocht de 38-jierrige om him te slaan.

Twa plysjeminsken, dy't hjir yn har frije tiid rûnen, wiene tsjûge fan it ynsidint en hâlden de 38-jierrige Ljouwerter oan. De man waard foar neier ûndersyk oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Ljouwert bedriging
(Advertinsje)
(Advertinsje)