Mear fytsen op stasjons
Der komme op Fryske spoarstasjons tûzen plakken by om fytsen te stallen. Der is ferlet fan, want de stallingen binne altyd fol. Der wurde fytsklemmen en fytsklûzen pleatst. Dizze fytsen wurde net bewaakt. It giet hjir om in gearwurking tusken ProRail en de provinsje Fryslân.
It projekt moat yn 2013 klear wêze. De kosten wurde rûsd op 1.1 miljoen euro.