SWF wol beammeregister

02 jul 2012 - 22:13
Beammen Wommels - Foto: Omrop Fryslân

De gemeente SWF wol alle monumintale beammen opnimme yn in register. Ynwenners fan de gemeente moatte hjirby helpe. As se in beam yn it register ha wolle, kinne se dy nominearje fia de hiemside fan de gemeente. It giet allinnich om de beammen yn de eardere gemeenten Wûnseradiel, Nijefurd en Boalsert. De weardefolle beammen yn de oare gemeenten binne al yn kaart brocht.

Oanlieding foar dizze aksje is it nije kapbelied dat jannewaris yngiet. It kappen fan beammen wurdt makliker, mar beammen dy't yn it register steane meie aanst net kapt wurde.

Trefwurden: 
beammen SWF
(Advertinsje)
(Advertinsje)