80.000 foar Fryske tsjerken

02 jul 2012 - 21:53

De Stifting Alde Fryske Tsjerken krijt 80.000 euro fan de 'Rijkdienst voor het Cultureel Erfgoed' om de tsjerken yn Boarnwert, Raard, Teridzert en Westhim op te knappen. De stifting hie ek jild frege foar de tsjerken yn Allingawier, Foudgum, Hantumhuzen, Holwert en De Rottefalle, mar dat gie net troch. De stifting set foar dizze tsjerken no yn op de provinsjale subsydzje letter dit jier. Yn dy pot sit 1.4 miljoen euro.

De stifting hat fan oare fûnsen sân ton krigen. Mei dit jild kinne 23 tsjerken holpen wurde.Der is noch in gat fan in ton.

(advertinsje)