Samsom harket nei problemen

02 jul 2012 - 20:35

Regionale inisjativen moatte de ekonomy út it slop lûke. Dat is it boadskip fan Diederik Samsom, Twadde Keamer fraksjefoarsitter fan de PvdA. Hy wie moandeitemiddei yn Fryslân om te lústerjen nei ûndernimmers, politisy en meiwurkers fan organisaasjes, lykas it ûnderwiis. Samsom wol him ynsette foar nije projekten. Foaral as dy mei duorsume enerzjy te krijen hawwe.

Neffens de ûndernimmers is der in soad mis oan bygelyks de kommunikaasje tusken de ministearjes. Hjirtroch komt der gjin jild los en geane in soad plannen net troch.

(advertinsje)