Mollema: 'Ik voel me Fries'

'Ik voel me best Fries hoor.' Dat sei Bauke Mollema moandei nei de twadde etappe yn de Tour de France. Mollema wennet no sûnt in jier yn Ljouwert, boppedat hat hy famylje yn Dokkum en wenje syn âlden no ek wer yn Fryslân. Mollema syn âldelju ferhuzen earder nei Zuidhorn, dêr't Mollema ek opgroeid is. "Ik kwam vroeger best veel in Friesland, mijn ouders en familie van me zijn Fries. Nee, je mag me zeker wel Fries noemen."
Mollema is op dit stuit de bêste Nederlanner yn it klassemint mei in tolfde plak.