Toeristen nei Hanzestêden lûke

02 jul 2012 - 17:09

Nije arranzjeminten yn de Hanzestêden Starum en Boalsert kinne foar mear toeristen út Dútslân soargje. Dat tinkt wethâlder Maarten Offinga fan Súdwest Fryslân. It ôfrûne wykein wie hy mei in delegaasje fan de gemeente en de stifting Fryske Hanzestêden by de Hanzedagen yn Lüneburg yn Dútslân. Dêr komme 100.000 minsken op ôf. Offinga tinkt dat in diel dêrfan ek belangstelling hat foar in besite oan Nederlân.

Mei arranzjeminten soe in besite oan Amsterdam ek kombinearre wurde moatte mei in besite oan Boalsert of Starum.

Trefwurden: 
Boalsert Starum toeristen Hanze
(advertinsje)