Trainers Hulshoff en Ponk nimme ôfskied fan SC Cambuur

12 mrt 2019 - 13:28

Sipke Hulshoff (44) is fan takom seizoen ôf gjin assistint-trainer mear by SC Cambuur. Dêrneist makken de Ljouwerters tiisdei bekend dat René Ponk de klup mei yngong fan 1 april ferlitte sil. De 47-jierrige keeperstrainer giet in Sinees aventoer oan.

Sipke Hulshoff - Foto: www.orange-pictures.nl

Sipke Hulshoff oan it wurd

Hulshoff, tegearre mei Jan Bruin de rjochterhân fan haadtrainer René Hake, nimt nei goed tsien jier ôfskied fan SC Cambuur. Yn dy perioade wie er yn ferskate funksjes wurksum, wêrunder trije kear as ynterim-trainer.

Trije kear ynterim-trainer

Yn febrewaris 2016 siet Hulshoff, nei it opstappen fan Henk de Jong en de komst fan Marcel Keizer, ien wedstriid op de bank as einferantwurdlike. Yn de earedifyzje ferlear SC Cambuur dat duel mei FC Utrecht (0-2).

Yn oktober fan datselde jier waard Hulshoff tegearre mei Arne Slot as ynterim-trainer oansteld, neidat Rob Maas dien krige. It ynterim-duo soe úteinlik it seizoen 2016/2017 ôfmeitsje.

De tredde kear dat Hulshoff nei foaren skood waard, wie nei it ûntslach fan Marinus Dijkhuizen yn novimber 2017. Yn jannewaris kaam der mei de komst fan Hake as haadtrainer in ein oan Hulshoffs tredde ynterim-perioade.

(advertinsje)