Skeel oer supermerk Earnewâld

02 jul 2012 - 16:29

De provinsjale subsydzje fan 50.000 euro foar útwreiding fan de doarpssupermerk fan Earnewâld is 'ûnearlik'. Dat fynt eigener Westerlaan fan de supermerk op kamping it Wiid. De Coop-winkel yn it doarp wol it jild brûke foar in kofjehoekje. Winterdeis soarget dat foar mear klanten en sa kin de winkel langer bestean bliuwe. Westerlaan fynt dat soks by it risiko fan de ûndernimmer heart. De provinsjale stipe komt út de pot foar plattelânsprojekten om de leefberens te ferbetterjen.

Eigener Anje Wester fan de winkel yn it doarp fynt de krityk ûnterjochte. Neffens har stekt sy sels ek 200.000 euro yn de útwreiding. Foar it doarp hâldt sy winterdeis de winkel iepen, wylst dat hielendal net út kin. De supermerk op de kamping is dan ticht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)