Blog: Arrogante plysje en it keninginnegefoel

02 jul 2012 - 16:12

We binne oankaam by de finish yn Tournai. Of yn Doornik. Neffens de Flaamske Belgen giet de etappe hjoed fan Wezet nei Doornik, mar as it oan de Walen leit giet dizze koers fan Visé nei Tournai. It ferskil tussen Brussel en Bruxelles begryp ik noch, mar dit binne wol hiele oare nammen.
It ferskil tusken de Frânsktaligen en de Nederlanners is dúdlik merkber. Underweis nei de Sitadel fan Namen (of Namur) krigen we gjin tagong ta it parkoers. In Frânsktalige plysje liet ús net troch. In freonlike man dy’t dêr tichtby wenne en wol Frânsk prate, holp ús noch, mar dat smiet neat op. “To late,” wie it iennige wat hy yn it Ingelsk útkrame koe. In bytsje Frânsk kin ik wol, mar it is wol basis. “Nous veuxons entruit, passage,” besocht ik yn myn bêste Frânsk. “Non, non, non. Et nous ne parlons pas Anglais, ici nous parlons Français.”Nee, nee, nee. En we prate hjir gjin Ingelsk, hjir prate we Frânsk.” En bedankt.

Gjin probleem. We ride gewoan fierder. Tsien kilometer foar de finish kinne we wol it parkoers op. Wat in machtich gefoel jout dat! Tûzenen minsken dy’t dêr oeren stean te wachtsjen. Minsken dy't klappe, jûchheie, sjonge, skreauwe, raze en swaaie. Alles. Ik fiel my krekt keninginne Beatrix. En dat allegear nei in camper mei in Omrop Fryslân-logo der op. We wurde oeral werkend! Omrop Fryslân oer de grins.

It is hjoed in saneamde ‘wandeletappe’. It tiidskema jout de einstriid om ûngevear 17.15 oere oan. It sil wol letter wurde. It wurdt gewoan in massasprint. De Friezen ha dêr neat te sykjen. Op dit stuit sitte wy op in gersfjildsje, 500 meter achter de finish. Krekt as is hjir gjin Tour. De earste dagen wiene bêst wol heftich, mar der komt no wat rûtine yn. Kollega Andries Hoekstra makket op dit stuit efkes in pasta, sadat we de kommende dagen wer te iten ha. Gau in hapke ite, dan in grut skerm opsykje en nei de Rabobank-bus. Op nei Bauke Mollema en Maarten Tjallingii. Mollema is de iennige haadrolspiler dy’t ik noch net sprutsen ha. Ha je fragen foar him. Fia Twitter kin je se oan my trochjaan.

Twitter: @roelofdevries83

Trefwurden: 
argyf Tour de France
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)