Stiennen Man wurdt opknapt

02 jul 2012 - 15:27

By Harns wurdt dizze wike begûn mei de restauraasje fan de Stiennen Man. Losse en missende stikken fan it monumint wurde makke, it wurdt skjinmakke en de teksten wurde wer lêsber makke. It byld hat slim te lijen hân fan waar en wyn. It monumint is yn 1576 op de seedyk set. It hat in kop nei it suden en in kop nei it noarden. Ek de tinkstien yn Dokkumer Nije Silen wurdt opknapt.

De monuminten binne fan it wetterskip en wurde nei restauraasje oerdroegen oan de Stichting Waterschapserfgoed. It wurk is foar 1 oktober dien.

(advertinsje)