Masela ferliest koart pleit

02 jul 2012 - 15:19

Céline van Gerner fan Turnsintrum Sportstêd Hearrenfean is definityf wis fan dielname oan de Olympyske Spelen. Har konkurrinte, Wyomi Masela, hie in koart pleit oanspand, mar de rjochter joech har gjin gelyk.

Masela waard yn earste ynstânsje troch it turnbûn oanwiisd foar de Spelen. Van Gerner focht dat mei súkses oan by de rjochter, om't it turnbûn it beslút net sa betiid nimme mocht. In pear moanne letter krige Van Gerner it Olympyske ticket. Masela hope dat de rjochter dat ek wer weromdraaie soe, mar dat slagge net.

Trefwurden: 
turnjen
(advertinsje)