9 moannen sel foar Ljouwerter

02 jul 2012 - 15:16
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

De Ljouwerter (44) dy't ûntuchtlike hannelings die mei syn buorfamke moat 9 moannen de sel yn. Ek hat er noch in healjier selstraf ûnder betingst krigen. Yn maart kaam de saak nei bûten, it makke in soad los om't de man ek swimles joech en wurke by de tuskenskoalse opfang. Mar dêr hat gjin misbrûk plakfûn.

De man hat fierder in kontaktferbod mei de buorlju krigen. Hy moat him melde by reklassearing en him behannelje litte yn in psychiatryske klinyk.

Trefwurden: 
Ljouwert justysje ûntucht
(Advertinsje)
(Advertinsje)