Wilman Held fan Fryske Smaak

02 jul 2012 - 14:55

Jaap Wilman fan Ingwierrum is snein keazen ta Held fan de Fryske Smaak fan dit jier. Wilman is as bouboer belutsen by de promoasje fan it jirpelras Wâldgieltsje. Neist de Wâldgieltsjes ferbout Wilman ûnder oare sipels, flaaks, koalsied en weet en hâldt er in keppel fleiskij. Op syn pleats Broersmastate wurde eigen produkten ferkocht. Wilman is keazen troch in faksjuery.

De publykspriis wie foar de famylje Jansen fan De Fochtel, dy't jirpels teelt. Op 29 septimber wurdt út de provinsjale kandidaten de lanlike Held fan de Smaak keazen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)