UCF mooglik yn Kânselarij

02 jul 2012 - 14:05

Der is belangstelling foar oername fan De Kânselarij yn Ljouwert. Dat seit de stifting dy't it monumint beheart. Kennissintrum University Campus Fryslân (UCF) soe ûndersyk dwaan nei de mooglikheden om yn it gebou te lûken. Foar de oare gebouwen oan De Turfmerk is noch gjin nije bestimming fûn.

De mooglike ferkeap fan it monumint soe goed nijs wêze foar de stifting. It Fries Museum brûkte de gebouwen. Underhannelingen mei belangstellenden lykas de Friesland Bank, rûnen op neat út. UCF wol de oankeapplannen net befêstigje.

Foar de oare gebouwen fan it Fries Museum, sa as it monumintale Eysinghahûs oan de Turfmerk hat de stifting noch gjin keapers fine kinnen. No't it Fries Museum ek gjin hier mear foar dat gebou betelje sil, driigje finansjele problemen foar de stifting. De hege ûnderhâldskosten fan de histoaryske gebouwen geane wol troch.

(advertinsje)