Lamberts 9e op list 50plus

Harry Lamberts (60) út Ljouwert stiet op it njoggende plak fan de kandidatelist fan 50plus. De partij docht foar it earst mei oan de Twadde Keamerferkiezings. By de provinsjale steateferkiezings yn Fryslân krige 50plus sa'n 4.000 stimmen.
Lamberts ferwachtet dat dat der yn septimber folle mear binne, om't de partij no bekender is. Boppedat meitsje hieltyd mear minsken har soargen oer de posysje fan âlderen, mient Lamberts. Op 14 july wurdt de list definityf fêststeld.