Selstraf fertochten borrelbus

02 jul 2012 - 12:44

It Iepenbier Ministearje easket in jier sel tsjin trije manlju (21, 22 en 23) út Tsjummearum. Seis moannen dêrfan is ûnder betingst en se ha in proeftiid fan trije jier. Se wurde fertocht fan belutsenheid by in fjochtpartij yn in diskobus ein febrewaris. Se wiene ûnder ynfloed fan drank en drugs. De bus waard foar in part fernield, in befeiliger dy't mei wie, krige klappen. De rjochter wie fûl en neamde it te gek foar wurden dat der in befeiliger mei moast op de bus. De befeiliger hat konsintraasjeproblemen en kin net wurkje of nei skoalle.

Befeiliger Ger-Jo Sytsma fan Sint Jabik makke by de sitting gebrûk fan de mooglikheid om sels in slachtofferferklearring ôf te lizzen. Hy woe in groep Tsjummearumers en in groep Harnzers útinoarhâlde en krige dêrby sels de klappen. Hy hâlde der in swiere harsenskodding oan oer. De útspraak yn de saak is oer twa wike.

Trefwurden: 
justysje borrelbus
(advertinsje)