Fleanende auto's? Op It Hearrenfean ûntwikkelje se fêst foarsjenningen

12 mrt 2019 - 12:30

It bedriuw Antea Group sil meiwurkje oan de komst fan de fleanende auto. It yngenieurs- en advysburo op It Hearrenfean sil produkten, foarsjenningen en ynfrastruktueren ûntwikkelje dy't dizze nije foarm fan mobiliteit mooglik meitsje moat.

De fleanende auto fan PAL-V - Foto: ANP

Henri Deelstra fan Antea Group oer de ûntwikkelplannen

Moandei sette Antea Group de hanteken ûnder in gearwurkingsoerienkomst mei PAL-V, fabrikant fan de alderearste fleanende auto. De PAL-V (Personal Air and Land Vehicle) is in kompakte twapersoans 'autogyro' dy't sawol oer de wei kin as troch de loft. Wannear't der yn de takomst fleanende auto's yn it 'strjittebyld' ferskine, hat dat konsekwinsjes foar de iepenbiere romte, it mêd fan Antea Group.

Henri Deelstra is 'businesslijn'-direkteur by Antea Group. Hy leit de opdracht út. "Technysk is it reedlik ienfâldich in fleanfjild te meitsjen. De fragen binne: wêr wolst se ha en wat komt der yn de wet- en regeljouwing te stean?"

"Wat wy ôfpraat ha mei de leveransier fan de fleanende auto is dat we se helpe sille mei de ynfrastruktuer foar de publike klanten. Tink bygelyks oan it tastean, ûntwerpen en realisearjen fan minyfleanfjilden of parkeargelegenheden oan hûs. Wy moatte derfoar soargje dat se lânje en omheech gean kinne."

(Advertinsje)
(Advertinsje)