Komt Freno werom yn it sneinsfuotbal?

12 mrt 2019 - 12:02

It ôfnimmen fan it tal Fryske klups yn it sneinsfuotbal liket mei SC Frjentsjer in nij slachtoffer te krijen. In moanne lyn stimden 141 leden foar it foarstel om by de klup fierder te gean mei allinnich prestaasjefuotbal op sneon. De 73 leden dy't tsjinstimden, leine har by de útslach del.

Foto: Omrop Fryslân

Dochs lizze de tsjinstimmers harren net del by it ferdwinen fan sneinsfuotbal út Frjentsjer. Se besykje no oft se in nije feriening oprjochtsje kinne. Dy feriening moat fuotbalje op snein en kriget in bekende namme: VV Freno.

"Wy ha de webside www.vvfreno.nl al registrearje litten", laket Peter Tiemersma. It âld-bestjoerslid fan SC Frjentsjer is ien fan de manlju dy't besykje om it sneinsfuotbal foar de stêd te behâlden.

"Ik snap it wol hiel goed"

Dat docht er net om't hy it net iens wêze soe mei it beslút fan de feriening om op te hâlden mei it fuotbal op snein. "Dat it measte part fan it budzjet fan de klup opgiet oan twa prestaasje-alvetallen, dat is net reëel. Dêr moast earlik yn wêze. Dat snap ik ek hiel goed. Dêr bin ik it ek mei iens. Mar ik fyn it wol hiel spitich. Dêrom ha wy de hollen by inoar stutsen."

"Wy binne mei in leuk groepke. Dat ha wy ek tsjin inoar sein. Doe ha we de ferskate opsjes trochnaam en doe kaam derút dat wy troch wolle op snein. En dan kin allinnich as wy in eigen feriening oprjochtsje."

Der moat in soad regele wurde

De groep rûnom Tiemersma hat yntusken kontakt hân mei de gemeente Waadhoeke en it fuotbalbûn KNVB. En op ynternet is dus de nije webside, út namme fan VV Freno, al registrearre. Want in nije klup opsette, dat dogge je net samar even.

Sa moatte der genôch spilers en leden wêze, moat de klup in akkommodaasje ha en is der oerlis mei de gemeente nedich. Dat hat noch wat fuotten yn de ierde. "Fanút de KNVB binne de regels dat wy fyftich leden ha moatte en trije alvetallen ynskriuwe kinne. Dy leden ha wy al, en wy kinne al twa alvetallen meitsje."

Foar de akkommodaasje makket Tiemersma him gjin soargen: "De fjilden fan SC Frjentsjer binne fan de gemeente. Dy wurde no sân dagen yn de wike hierd troch de sportklup. In oplossing soe wêze dat wy de fjilden hiere op snein, en dat Frjentsjer de oare seis dagen foar har rekken nimt. Dan binne wy yn ien kear klear."

Wij richten ons op de leden die achter de plannen voor prestatievoetbal op zaterdag staan.

Arjan Russchen, foarsitter ynterim-bestjoer SC Frjentsjer

"Het staat iedereen vrij om een vereniging op te richten. Verder vinden wij er niet zoveel van." De foarsitter fan it ynterim-bestjoer fan SC Frjentsjer, Arjan Russchen, is dúdlik. "Een ruime meerderheid heeft de ledenvergadering van sportclub Franeker voor prestatievoetbal op zaterdag gestemd. Wij richten ons dan ook op de leden die achter de plannen staan. Daar wil ik mijn energie ook insteken."

Russchen wol net foarút rinne op in eventuele oanfraach foar de hier fan de fjilden op snein: "Ik neem aan dat zo'n aanvraag op zeker moment gedaan moet worden bij ons bestuur. Voordat zo'n aanvraag er ligt, ga ik niet nadenken over wat daarop ons eventuele antwoord zou kunnen zijn."

It sneinsfuotbal yn Fryslân stiet ûnder druk. Wiene der yn 2009 noch 79 klups dy't aktyf wiene op snein, dit jier binne dat der noch mar 62. En takom jier liket it derop dat it der noch minder as 60 binne.

Tiisdeitejûn is der yn Fryslân Hjoed in wiidweidich petear oer de delgong yn it Fryske amateurfuotbal op snein.

Trefwurden: 
fuotbal SC Frjentsjer Freno
(advertinsje)
(advertinsje)