Noard-Nederlân kin noch folle duorsumer wurde

12 mrt 2019 - 11:04

'Noard-Nederlân: koprinner yn de enerzjytransysje'. In slogan dy't de winsk fan it kabinet útdrukt, no't we én fan it gas ôf moatte én wat oan klimaatferoaring dwaan moatte. In slogan ek dy't de New Energy Coalition, nei eigen sizzen ít kennis- en ekspertizesintrum foar enerzjytransysje, mei iepen earms ûntfongen hat.

Foto: Omrop Fryslân

It drukt de winsk út om as regio foarop te rinnen yn de enerzjytransysje, ûnder oare troch de kennis en de netwurken dy't de regio hat op it mêd fan enerzjy. Mar ís Noard-Nederlân wol de koprinner? Ut ûndersyk fan RTV Noord en Omrop Fryslân docht bliken dat dit op it mêd fan enerzjybesparring noch net ûndûbelsinnich it gefal is. Yn dit artikel lêze jo wêrom.

Enerzjyferbrûk by wenningen

Om te sjen oft Noard-Nederlân (Grinslân, Fryslân en Drinte, neffens de yndieling fan it CBS) neffens oare parten fan it lân foarop rint, sochten wy út wat it enerzjyferbrûk de wenning is en hoe't dit troch de tiid hinne ûntwikkelet. De mjitienheid is GigaJoule (GJ), wêrmei't it mooglik is om it enerzjyferbrûk fan gas en elektrisiteit by inoar op te tellen.

Ut ús ûndersyk (basearre op de Klimaatmonitor fan 2016) docht bliken dat wy yn Noard-Nederlân mei in trochsnee enerzjyferbrûk de wenning fan goed 56 GJ nét de koprinner binne. Dat wol sizze: Noard-Nederlân hat nét it leechste enerzjyferbrûk. Dy eare is foar West-Nederlân (Noard- en Súd-Hollân, Utrecht en Seelân), wêr't de wenning ûngefear 45 GJ oan enerzjy wurdt ferbrûkt. Al sûnt 2008 is West-Nederlân koprinner op dit mêd.

By dizze berekkening moat neffens Lammert Wiersma, enerzjysaakkundige by E&E Advies en opsteller fan de Energiemonitor fan de provinsje Grinslân, wól in kanttekening makke wurde. "In Noord-Nederland staan over het algemeen meer vrijstaande huizen, die vaak groter zijn, en dus meer energie verbruiken." It is neffens him dêrom net sa frjemd dat Noard-Nederlân op dit mêd net koprinner is.

"Als je koploper in de energietransitie wilt zijn, gaat het niet alleen om het feitelijke energieverbruik, maar ook om wat je eraan doet om hierop te besparen. Het kan zijn dat je in absolute cijfers relatief veel energie verbruikt, maar procentueel wél de grootste energiebesparing hebt. Dán kun je op die manier alsnog koploper zijn."

Om dy reden ha we ek sjoen nei de ûntwikkeling troch de tiid hinne. Hoe docht Noard-Nederlân it op it mêd fan enerzjybesparring?

Yn 2017 hie Noard-Nederlân prosintueel de grutste delgong fan enerzjyferbrûk de wenning neffens de oare parten fan it lân: 2,3 prosint. Yn de jierren dêrfoar wie dit net it gefal. It liket dus yn 2017 de goede kant op gien te wêzen, mar we witte fansels net oft dit in positive útsjitter foar ien kear is. Ek by dizze sifers moat neffens Wiersma de nuânse makke wurde dat yn Noard-Nederlân oer it algemien mear frijsteande huzen steane. "Die zijn lastiger te verduurzamen, wat maakt het verminderen energieverbruik van een veel grotere opgave is voor Noord-Nederland dan in andere landsdelen."

Enerzjyferbrûk by bedriuwen

Net allinnich wenten ferbrûke enerzjy, ek bedriuwen dogge dit. Dêrom ha we deselde berekkeningen makke wannear't it giet om enerzjyferbrûk de baan. De baan waard der yn 2017 goed 127 GJ oan enerzjy ferbrûkt. Koprinner is East-Nederlân (Flevolân, Oerisel en Gelderlân), mei 73 GJ enerzjyferbrûk de baan. Dat Noard-Nederlân net it leechste fan it lân is, is op himsels ek net gek, wannear'tst betinkst dat der bygelyks yn Delfzijl en omjouwing en de Eemshaven in soad yndustry is. "Die bedrijven hebben relatief weinig werknemers en verbruiken veel energie. Dus dit cijfer op zichzelf zegt niet alles", aldus Wiersma.

Ek hjir moatst sjen nei de ûntwikkeling yn it enerzjyferbrûk. Tusken 2015 en 2017 groeide it enerzjyferbrûk de baan, mei respektivelik 2,7 en 4,7 prosint it jier. Dêrmei is Noard-Nederlân it iennige part fan it lân dat yn beide jierren omheech giet.

Lykas by it enerzjyferbrûk de wenning seit Wiersma mei klam dat koprinner yn de enerzjytransysje wêze, betsjut datst fan allegear it tichtst by it doel bist, nettsjinsteande de omstannichheden. "Neem een hardloper die voorop loopt. Dat zit ook deels in de genen. Maar hij is wél koploper." Fersêftsjende omstannichheden of net, koprinner is Noard-Nederlân op it flak fan enerzjyferbrûk op dit momint noch net sûnder mear.

Foto: Omrop Fryslân

Koprinner?

Yn it regearakkoart fan Rutte 3 wurdt de winsk útsprutsen dat Noard-Nederlân koprinner wurdt yn de enerzjytransysje. Dit wurdt yn it regearakkoart as lêste puntsje neamd yn in paragraaf dy't oan gaswinning wijd wurdt. It kabinet leit dêryn út fol oandacht te hawwen foar de gaswinning en de gefolgen hjirfan. Der wurdt oankundige dat der in regiofûns komt foar de ekonomyske fersterking fan it gebiet. Dit fûns kin neffens it regearakkoart bydrage oan it saneamde koprinnerskip.

Sûnt dy tiid wurdt de claim dat Noard-Nederlân koprinner is ûnder mear troch de New Energy Coalition (NEC) brûkt. NEC is in kennis- en netwurkorganisaasje foar de enerzjytransysje. Op de fraach wat de feitlike ûnderbouwing fan dizze claim is, reagearret in wurdfierder: "Het is subjectief. Iedereen kan het roepen, maar ik denk wél dat we het kunnen onderbouwen." Sa wurdt wiisd op it feit dat de regio al lange tiid de gasrotonde fan Europa is en der in soad spesialistyske kennis ûntwikkele is. Ek wurdt wiisd op de Eemshaven, dat in oanlandingsknooppunt foar enerzjy is, troch de koalensintrale, wynmûnen op see en de gaslieding-ynfrastruktuer. "Groningen is een ideale kennishub."

Ek de opkommende wetterstofekonomy en yntinsive gearwurking tusken ferskate dissiplinen oanhelle wurde. Arguminten dus, mar gjin sifers. RTV Noord en Omrop Fryslân giene mei help fan Lammert Wiersma fan E&E Advies séls op syk nei sifers. Want dat Noard-Nederlân koprinner is yn de enerzjytransysje moat dochs ek mei sifers te checken wêze?

Woansdei sjogge we nei hoe't Noard-Nederlân it docht kwa duorsume enerzjyproduksje.

(advertinsje)
(advertinsje)