Jildtransportweinen en in meldkeamer: feiling SecurCash yn Drachten

12 mrt 2019 - 10:42

It is in bysûndere feiling yn Drachten; dêr wurdt de ynboel fan it fallite jildtransportbedriuw SecurCash ferkocht. Pânsere jildtransportweinen, in telsintrale en in meldkeamer binne samar wat foarbylden fan bysûnder guod dat te keap stiet.

Foto: ANP

Tiisdeitemoarn is der in sjochdei. Belangstellenden kinne oant woansdei in bod útbringe. Njonken Drachten binne der ek feilingen fan guod út de fêstigingen yn Houten en Best.

Pânsere jildweinen

It giet yn totaal om mear as 500 produkten, wêrûnder 46 pânsere jildweinen. De feiling wurdt hâlden troch Troostwijk Auctions.

In petear mei Teun van Leeuwen fan Troostwijk Auctions

Trefwurden: 
Drachten feiling SecurCash
(advertinsje)
(advertinsje)