Kollum: "Sterke froulju"

12 mrt 2019 - 08:24

"Ofrûne freed wie it Ynternasjonale Frouljusdei. Acht maart stiet sûnt 1911 yn it teken fan striidberens en solidariteit fan froulju út alle wynstreken. It is ûntstien om't froulju yn de 20e iuw opkamen foar harren rjochten, foaral op it mêd fan wurk en kiesrjocht. Sûnt dy tiid is der hiel wat feroare. Dy earste foarfjochters wiene sterke en sûnder mis moedige froulju."

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

"Tsjintwurdich wurdt der gauris praat oer Power Women. Froulju dy't witte wêr't harren krêft leit, suksesfolle, ûndernimmende en ynspirearjende froulju dêr't je fan leare kinne. Yn dat ferbân falle ek de nammen fan bygelyks Kylie Jenner en Famke Louise. De earste omdat se de jongste miljardêr oait is, de twadde omdat se in toefke op Instagram sjen lit. Tiden ha tiden en elk syn eigen.

Ik wol it ha oer Freddie Oversteegen. In frommeske út de meast ferneamde froulike fersetsgroep yn de Twadde Wrâldoarloch, dy mei har âldere suster Truus en harren freondinne Hannie Schaft, bekend as 'it famke mei it reade hier'.

Freddie Oversteegen wie noch mar 14 jier doe't se har oansleat by it ferset. Mei Truus en Hannie blaasde se mei dynamyt spoarrails en brêgen op. Se smokkele Joadske bern út konsintraasjekampen en eksekutearre safolle nazi's as se koe. Dat gie sa yn syn wurk.

De froulju giene nei bars en kroegen dêr't nazi's kamen. Dêr ferlaten se de manlju, wat, foaral troch it ûnskuldich foarkommen fan Freddie Oversteegen, net sa dreech wie. Dêrnei fregen se de manlju oft se ek even yn 'e bosk kuierje woene. Meastentiids gie dat oan. Freddie hie in pistoal yn har fytskuorke ferstoppe. Sadree't se yn 'e bosk wiene helle se dat foar 't ljocht en skeat se de man yn kwestje dea.

Yn in ynterview fertelde se dat se it wol dwaan moasten. 'It wie in needsaaklik kwea, dyjingen deadzje dy't goede minsken ferretten.' Dat soks net samar wat wie, fertelde se ek. 'It wie tragysk en dreech en neierhân gûlden wy altyd. It paste net by ús, it fielde ferkeard. Troch soks te dwaan ferlieze je alles. It fergiftiget de moaie dingen fan it libben. Ik ha in pistoal yn 'e hân hâlden en ha se fallen sjoen. En witst wat der op sa'n momint yn jin omgiet? Je wolle se oerein helpe.'

Yn tsjinstelling ta Hannie Schaft oerlibben de susters Oversteegen de oarloch wol. Freddie sei dat se omgie mei de oarlochstrauma's troch te trouwen en bern te krijen. It feit dat se yn it ferset sitten hie wie sawol in boarne fan grutskens foar har, as ien fan pine.

As it om it ferset yn de oarloch giet, giet it meastal oer manlju. De rol dy't froulju dêryn spile ha wurdt faak fergetten of oer de kop sjoen. No, om Ynternasjonale Frouljusdei hinne, is it wichtich om echte Power Women oer it fuotljocht te heljen. En dêr wie Freddie Oversteegen ien fan. Freddie Oversteegen stoar op 5 septimber foarich jier, ien dei foar't se 93 wurde soe."

(Advertinsje)
(Advertinsje)