Lânskipsenkête: "Soargen om Fryslân as greidefûgelprovinsje"

12 mrt 2019 - 08:06

Der binne grutte ferskillen yn Fryslân as it giet om wurdearring fan it lânskip yn de provinsje. Yn de trijehoek Harns-Ljouwert-Snits kriget dat lânskip de leechste wurdearring fan Noard-Nederlân, wylst de Waadeilannen de heechste fan hiel Nederlân kriget. Dat docht bliken út de Nasjonale Lânskip Enkête fan Natuurmonumenten.

Pingjum - Foto: ANP

Sander Veenstra oer de útkomsten fan de lânskipsenkête

Hast 2.500 minsken yn Fryslân ha meidien oan de enkête, dy't Natuurmonumenten hold om de lânskipswurdearring yn kaart te bringen. "Wy woene hiel graach witte hoe't minsken tinke oer it lângebrûk yn Nederlân. De natuer ha we der hielendal bûten litten. Wy woene it ha oer it lângebrûk dêr omhinne. Hoe wurdt dat wurdearre?", leit boskwachter Sander Veenstra út.

Sander Veenstra is boskwachter by Natuurmonumenten yn Súdwest-Fryslân. Hy fynt de ferskillen dy't yn de enkête nei foaren komme opfallend. "It liket derop dat se op de Fryske klaai wat minder grutsk binne op harren lânskip dan de minsken yn it suden en súdeasten fan de provinsje."

Hat Veenstra dêr in ferklearring foar? "Nee, mar wat wol nei foaren komt út de enkête is dat in wichtige soarch it ferdwinen fan blommen, fûgels en ynsekten. Wannear'tst dan sjochst nei it lânskip ha minsken it faak oer de yntinsivere lânbou en dêr sjochst dy tebekgong oan blommen, fûgels en ynsekten."

Greidefûgels

Mar it ferdwinen fan blommen, fûgels en ynsekten is net de iennige soarch fan de enkêtedielnimmers. "Fryslân is in greidefûgelprovinsje en dat wolle we ek graach sa hâlde, mar oeral sjogge we it tal fûgels weromrinnen. Ut de enkête docht bliken dat de Friezen harren dêr soargen om meitsje."

En no? "De boarger fynt dat de oerheid oan bar is om dêr wat oan te dwaan. Dus besykje wy ek dêr ynfloed op út te oefenjen. Dêrneist wurdt ek oanjûn dat wy as Natuurmonumenten ús mear manifestearje moatte yn it bûtengebiet."

(advertinsje)
(advertinsje)