'Brommers kiek'n' kin it bêste op Skylge

12 mrt 2019 - 07:00

Ut sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS), dy't tiisdei ferskine, blykt dat op Skylge de measte brommers ride.

Scooter - Foto: Shutterstock.com

Foar elke tûzen ynwenners fan Skylge binne yn de gemeente 84 bromfytsen. Ek Flylân stiet yn de top 5. Mei 75 brommers foar elke tûzen ynwenners komt it eilân op it tredde plak fan alle Nederlânske gemeenten.

Foto: Omrop Fryslân

Ek snorfytsen binne populêr yn ús provinsje. Amelân stiet lanlik op it fjirde plak mei 107 snorfytsen foar elke tûzen ynwenners.

Trefwurden: 
Skylge CBS bromfyts
(advertinsje)
(advertinsje)