Al 120 Fryske tikebiten meld

Sa'n 120 Friezen ha op de nije website tekenradar.nl trochjûn dat se koartlyn biten binne troch in tyk. Neffens de site binne de tiken op't heden tige aktyf en liket it probleem mei de tikebiten ek grutter te wurden.
Groep 8 fan de Algraskoalle yn Ljouwert wyt hjir fan mei te praten. De groep wie de ôfrûne wike trije dagen op kamp op It Amelân. Yn dy trije dagen waarden 6 fan 'e 23 bern biten troch in tyk. In begeliedster hat de tiken wer gau ferwidere. Yn trochsneed wurdt ien op de 50 minsken dy't troch in tyk biten wurdt ek echt siik.
As je nei in byt in reade kring op je fel krije of reade flekken dogge je der ferstannich oan om kontakt op te nimmen mei de húsarts yn ferbân mei de sykte fan Lyme. Yn Fryslân is de kâns op de sykte te krijen wer wat grutter omdat it persintaazje tiken dat de sykte trochjout hjir heger is as gemiddeld. Tike-spesjalist Kees van den Wijngaard fan Tekenradar.nl docht ûndersyk nei de sykte fan Lyme en wol graach dat minsken dy't biten wurde de tyk nei him opstjoere. Neffens him is no al dúdlik dat de site tekenradar.nl yn in dúdlik ferlet foarsjocht.