Snitser maitiidsmerke falt yn it wetter

11 mrt 2019 - 22:39

Troch it minne waar falt de Snitser 'maitiidsmerke' oant no ta yn it wetter. Moandei wiene der útsein wat skoalbern, kwealik besikers. De maitiidsmerke hat al in lange tradysje yn Snits en is foar de merkeminksen altyd de start fan it seizoen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Wat ekstra folk kin de merke wol brûke fertelt 'berops-Snitser' Henk van der Veer. "Feur de onderimmers, mar ok foar de stad. In deel fan de opbrengst gaat in de pot om andere evenementen gratis te houden."

Nettsjinsteande it minne waar hat Van der Veer waarme oantinkens oan de merke. Ut syn eigen ûnthâld wit er noch dat hy der as jonkje út in grifformeard nêst, eins net komme mocht. Mar stikem diene se dat fansels wol. Ien fan de anekdoates is dat se as jonges wolris in stik komkommer op de slachplanke fan de Kop fan Jut leine. "Dan kregen de krachtpatsers dat by de klap as smots om 'e oaren!"

De Snitser maitiidsmerke op it Martiniplein is der noch oant en mei snein 17 maart.

Ferslachjouwer René Koster op de merke yn Snits

Trefwurden: 
Snits maitiidsmerke
(Advertinsje)
(Advertinsje)