Siem Jansen wurdt direkteur Nationaal Programma Grins
Direkteur Siem Jansen hâldt mei yngong fan 1 juny op by de NOM, de ynvestearring - en ûntwikkelingsmaatskippij foar Noard-Nederlân. Hy sil oan de slach as programmadirekteur fan it 'Nationaal Programma Groningen (NPG)'. It NPG is it fûns fan 1,15 miljard euro dat bedoeld is om it Grinzer ierdbevingsgebiet in ekonomyske ympuls te jaan.
Siem Jansen hat 12 jier direkteur fan de NOM west, wa't him opfolget is noch net bekend. Jansen wie earder deputearre fan Fryslân fan juny 1992 oant septimber 2002 en dêrnei wie hy lid fan it kolleezje fan bestjoer fan ROC Friese Poort fan jannewaris 2003 - febrewaris 2007.