Earste ljipaai fan gemeente Skylge fûn

11 mrt 2019 - 21:52

Moandeitemiddei om 16.00 oere hinne is it earste ljipaai fan gemeente Skylge fûn. Gerrit Bakker fan West-Skylge trof it aai oan yn de greide by Lys.

Foto: Bûn Fryske Fûgelwachten

Noch fjouwer gemeenten

Earder op moandei waard ek al it earste ljipaai fan gemeente Hearrenfean en gemeente Ljouwert fûn. Der binne no noch fjouwer Fryske gemeenten dêr't it earste ljipaai fan it jier noch net fûn is. Dat binne Achtkarspelen, Eaststellingwerf, Harns en Skiermûntseach. Op Flylân is it aaisykjen ferbean.

(advertinsje)
(advertinsje)