Jong SC Hearrenfean wint 'beloftenderby' fan Jong SC Cambuur

Op Sportpark Skoatterwâld wie Jong SC Hearrenfean moandeitejûn mei 2-0 te sterk foar Jong Cambuur. De Feansters wûnen de 'beloftenderby' troch goals fan Pelle van Amersfoort en Progon Maloku.
Pelle van Amersfoort © www.orange-pictures.nl
De beloften fan Cambuur en Hearrenfean koene yn de earste helte net foar gefaar soargje. Yn de 60e minút wie der in penalty foar Hearrenfean nedich om de nul fan it skoareboerd te krijen. Pelle van Amersfoort benutte de kâns foar de Feansters. Fiif minuten nei de 1-0 lei de twadde der ek al yn. Ynfaller Progon Maloku wie mei in skot ferantwurdlik foar de einstân fan 2-0.
Beide ploegen komme út yn de ferliezerspûl en hawwe seis wedstriden spile. Troch de oerwinning stiet Jong Hearrenfean op it twadde plak mei 13 punten. Jong Cambuur stiet sânde mei seis punten.