Jelle Boerema yn it Polytburo: "Als we een keus hebben, dan zijn wij tegen"

As de gaswinning by Ternaard dan dochs trochgiet, dan moat der foar de befolking safolle mooglik kompensaasje komme. Dat stelt wethâlder Jelle Boerema fan Noardeast-Fryslân moandeitejûn yn It Polytburo.
Jelle Boerema
De gemeente Noardeast-Fryslân seit 'nee' tsjin gaswinning, de provinsje ek. Mar beide ha der feitlik neat oer te sizzen en dat is frustrearjend, fynt Jelle Boerema. "Ook als je kijkt naar het werelderfgoed Waddenzee, dat is uniek en daarom moet je er heel voorzichtig mee zijn ook omdat nog niet bekend is wat de effecten zijn."
Dochs is de kâns reëel dat it Ryk de gasboarringen tastean sil, dan wol Boerema besykje der wat posityfs út te heljen. "Als we een keus hebben, dan zijn wij tegen. Als het Rijk zegt: we doen het toch', dan hebben ze niets aan een gemeentebestuur dat boos achterover gaat hangen."
Sa fynt Boerema dat de NAM de befolking kompensearje moat. NAM moat ynvestearje yn maatskiplike projekten, fan toerisme oant doarpshuzen. Njonken kompensaasje moat der in dúdlike nul-mjitting komme, en in skeafûns - wêrby't út de gaswinning yn Grinslân lessen leard wurde moatte.