Matthijs Sikkes-van den Berg wurdt gjin deputearre of wethâlder

11 mrt 2019 - 20:17

Matthijs Sikkes-van den Berg, listlûker fan GrienLinks by de Steateferkiezingen wurdt gjin deputearre en ek gjin wethâlder yn gemeente De Fryske Marren.

Matthijs Sikkes - van den Berg - Foto: GroenLinks

Yn de Ljouwerter Krante melde partijfoarsitter Gerda Koopman dat Sikkes mooglik wethâlder wurdt yn in nij te foarmjen kolleezje yn De Fryske Marren. Mar dat is net sa, seit Sikkes. Sikkes wol de kommende jierren as steatelid earst it wurk yn de Steaten kennen leare. In posysje as deputearre of wethâlder is net oan de oarder seit hy.

(advertinsje)