Sportoersjoch: Shorttrack, SC Hearrenfean, VC Snits, UNIS Flyers en LDODK

11 mrt 2019 - 20:08

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes fan it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Geert van Tuinen skoot oan.

Shorttrack

Se wie al olympysk en Europeesk kampioene, mar dit wykein waard se foar de earste kear wrâldkampioen. Der stiet eins gjin maat op Suzanne Schulting. Se is noch mar 21 jier en hat no alles al wûn. "Het komt langzaam binnen, het is heel bizar", seit Schulting. It wie in kampioenskip mei in 'lach en een traan', want se waard diskwalifisearre op de 1500 meter en gie ûnderút op de relay.

SC Hearrenfean

SC Hearrenfean wûn ôfrûne wykein yn Den Haach fan ADO. Michel Vlap wie wer ris de grutte man mei twa doelpunten. Ek bestjoerlik is noch wat te melden. Van der Velde hat ferline wike in petear hân mei it Stichtingsbestjoer, Rie fan Kommissarissen en Cees Rozemond. Moandeitejûn komt de groep Van der Velde wer byinoar, dan sille se beslute oft der in twadde petear komt mei it Stichtingsbestjoer, Rie fan Kommissarissen en de algemien direkteur.

VC Snits

De follybalsters fan Snits sitte yn de kampioenspoule. De earste twa wedstriden ha se wûn, kinne sy echt Nederlânsk kampioen wurde?

UNIS Flyers

De iishockeyers fan de UNIS Flyers binne troch nei de heale finale fan de BeNe league. Ofrûne wykein ha se Zoetermeer ferslein mei 10-0 en 4-2. Yn de heale finale stean se tsjinoer de Luik Bulldogs út België.

LDODK-PKC

Yn de Kuorbal League is LDODK wis fan de play-offs om de lânstitel. Op de bus fan LDODK stiet 'our goal is Ziggo Dome'; se binne no ûnderweis.

(advertinsje)
(advertinsje)