Geert fileart: It keatsen komt der wer oan

11 mrt 2019 - 20:00

"Yn tsjinstelling ta de foarsizzing fan Rendert Algra oer it earste ljipaai, is it wol wis dat it keatsen der wer oan komt. It begjin fan in nij seizoen leit altyd yn maart, as de Algemiene Ledegearkomste (wy sizze altyd 'AV') fan it keatsbûn fêststeld is. Dit jier is dat op 14 maart.

Foto: Henk Bootsma

En foarôfgeand oan dy gearkomste krije wy dan in grut pak papier yn de mailboks. Safolle, dat as wannear't jo dat hiele pak op je hûs- tún- en keukenprinterke útdraaid hawwe, it apparaat goed is om ferfongen te wurden.

Mar hawar, wy lêze dy stikken altyd mei ynmoed en meastal is de konklúzje dat it lytse part oer nije foarstellen it measte oansprekt. Of je moatte it moai fine om te witten dat de KNKB yn de takomst fan doel is om 50.000 euro út te jaan foar in fernijde webside en in app. Jawis: In app. Dan dogge je mei.

Mar oft je dêrmei it hieltyd mar minder wurdende tal leden wer opkrikke kinne, dat is mar de fraach. De KNKB koerst ôf op in ledebestân fan minder as 10.000 leden en dan wurdt it allegear wol wat marzjinaal hear. Nochal in tryst djiptepunt sels. Mei finansjele gefolgen want it begrutte bedrach fan 178.000 euro wurdt dit jier wer net helle. Je kinne je dan ôffreegje oft sa'n topbesetting op it bûnsburo (fiif minsken, ynklusyf in echte direkteur, goed foar in totale leanpost fan sa'n trije ton) noch wol ferantwurde is.

Mar goed, de begrutting foar it kommende jier is wer rûn, ek al kreaket it hjir en dêr en stiet der de nedige druk op. De wâl sil it skip fansels wol keare.

Ik dwaal ôf. Ik moat werom nei de foarstellen. Want dy sprekke it keatspublyk it measte oan.

En dan wurdt it ek amusant. Of ergerlik. It is mar hoe't je yn it libben stean. Want fansels komt it wurd 'ranking' wer yn de stikken foar. Dizze foar de lytse keatssport optúgde en fierstente yngewikkelde metoade om te bepalen hokker keatser op hokker nivo, wannear en wêr keatse mei, bliuwt ûnderwerp fan petear en rint geregeld troch de ferskate diskusjes hinne.

Nim bygelyks it foarstel fan VVV Sjirk de Wal. De keatsferiening fan Dronryp. Dat is ien fan dy ferienings dy't op sa'n AV meastal wol efkes fan him hearre lit. Dit jier twa kear sels. Lykas keatsferiening Boalsert trouwens. Beide ferienings pleitsje derfoar om op manljus en frouljus haadklasse nivo mear trochelkoarlotterspartijen te hâlden. Dat giet dan ten koste fan de frije formaasjepartijen.

In diskusje dy't al in skoft fierd wurdt en dy't it wol fertsjinnet om der efkes goed nei te sjen. Dat dogge de beide ferienings en sy komme beide mei foarstellen om fan 2020 ôf (de aginda foar 2019 stiet al fêst) mear trochelkoarlotters partijen te hâlden. Ik behein my efkes ta it idee.

Beide ferienings jouwe ek wat tips foar de útfiering, mar dan wurdt it al wer te bot 'inside'. Ik tink dat it idee prima is. Mear trochelkoarlotterspartijen jout mear kâns op sukses foar de keatsers dy't net yn de twa of trije toppartoeren sitte. En jout dus ek mear kâns oan de jonge talinten om faker op it heechste nivo mei te dwaan en oan dat nivo te wennen. Ik fyn it prima.

Seker yn kombinaasje mei de nije opset fan de junioarekompetysje soe dit in maatregel wêze kinne om wat mear balâns en kâns te kreëarjen. Mar dan komt de ranking om de hoeke en oh jonges, dan wurdt it yngewikkeld. Sa yngewikkeld dat it net mear oan de gemiddelde keatsfolger út te lizzen is. Krekt myn punt fan krityk op dy ranking.

Fierstente grut; fierstente yngewikkeld. Foar it grutte publyk net te folgjen, mar foar de jonges fan de KNKB no ek al liedend as it giet om mear trochelkoarlotterspartijen yn te fieren. No sil dat wol barre fan 2020 ôf, mar dan moat it allegear wol yn de ranking passe. Wylst it allegear safolle makliker, oersichtliker en better te begripen kin.

Ik ferwiis nei eardere ôfleverings fan 'Geert fileart'. Ik ferwiis nei 'de groep Arum'. Beneam in goeie, ûnôfhinklike Technyske Kommisje en alles wurdt in stik makliker en fleksibeler. Dat past folle better by de lytse sport dy't keatsen is. Wannear docht de KNKB no ris dy grutte rankingbroek út en komt ta de kearn. "Leef met vlag en wimpel, maar hou het simpel". (Van Kooten en De Bie).

En wêr't oan de iene kant oan in hast megolomane ranking fêsthâlden wurdt, komt de 'curling'-mentaliteit fan it keatsen ek dit jier wer flagrant oan de oerflakte. It ienlingebelied is sa'n stikje curling-mentaliteit. Nammentlik foar elk lyts probleemke in oplossing sjen te finen troch it te reglemintearjen. En mar 'fegerje' om foar te kommen dat der miskien ien ûntefreden keatser is. Ienlingebelied. Dat foarsjocht deryn dat as der in jonge of famke- yn in doarp is dêr't gjin oare keatsers yn deselde kategory keatse wolle of kinne, dy jonge of dat famke nei in oare feriening mei om dêr ôfdielingspartijen foar te keatsen.

Je soenen ek sizze kinne: Spitich, der binne net mear keatsers yn it doarp, do hast pech hân, mar der bliuwe genôch partijen oer. Of de feriening soe sizze kinne: Do allinnich? Wy sille der foar soargje datst der út eigen doarp in maat by krijst. Dan kinne jim fuort te keatsen foar jim eigen feriening. Dat binne wy as feriening wol oan dy ferplichte.

Mar nee hear: der moast sa nedich in ienlingebelied komme. Allinnich it wurd al. No ja, je koenen it hast ynfolje. De mazen fan de regeljouwing wurden rap opsocht (want dan komt der kreativiteit los hear!) en Sint-Jabik, Berltsum en Sint-Anne leveren ferline jier alle trije ien keatser foar in jonges partoer, dat úteinliks útkaam foar Berltsum. It mocht neffens de regels hear, mar it smiet in bulte krityk op. It fielde bepaald net goed.

No, gelokkich hawwe wy dan de rekkenmasters yn Dronryp en dy komme no mei in oanskerpe ienlingebelied. Moai jonges, mar ik bin benijd wat foar gedoch dit wer jaan sil en it makket de oanbelangjende ferienings der yn alle gefallen net skerper op om bettere (en mear) jeugd op te lieden. Mar we poetse moai fierder om elk lyts probleemke mei in fegerke foar te wêzen. Fierder neat op curling tsjin hear.

Mar we binne der noch net. De Rypster brigade fan regeltsjemakkers is noch net klear. Hawwe sy oan de iene kant fan it spektrum (dy ienlingen dus) de oplossing foar hannen, oan de oare kant fan it spektrum komt Dronryp ek mei foarstellen. En dan giet it om tefolle partoeren yn ien feriening.

Der binne grutte ferienings dy't yn de beskate kategoryen mear as ien partoer ôffurdigje kinne. Dat is prachtich fansels en dy bern binne ek oeral wolkom om te keatsen foar har doarp of stêd. Utsein as it giet om de de bûnspartij, de Freule Partij (jonges) en de Ald Meiers Partij (famkes). Dan mei allinnich it earste partoer komme te keatsen. De bêsten tsjin elkoar op dy pear ultime partijen fan it seizoen.

"Kin sa net langer" seit Dronryp, dêrby stipe troch buorman VVV Menaam. Sy wolle dat ek op dy grutte partijen meardere partoeren út in doarp of stêd meidwaan meie. Omdat, sa stiet yn de taljochting, dy jonges en famkes der ek hurd foar traine. En dy wurde no straft foar de aktive oanpak fan it jeugdkeatsen fan har feriening.

Jaa hallo!! Dit is net allinnich in staaltsje fan preekje foar eigen parochy, it is ek noch ris in kear de deastek foar de essinsje fan de sport. En dy essinsje is, dat de ien better is as de oar. En dat dat better wêzen him fertaalt yn in plak yn it earste partoer. En dat dat partoer, mei de allerbêsten, meidwaan mei op it allerheechste nivo. Dat is kompetysje. Dat heart by de sport. Dat is de kearn fan de sport. Oars wurdt it in teekrânske.

Ik wenne eartiids as jongeskeatser yn Sint-Jabik. Alle wiken gienen wy mei meardere partoeren (op de fyts) nei de ôfdielingswedstriden. Ik trainde my it snot foar de eagen, mar Tjisse Wallendal, Herman Vijlbrief, Klaas Herrema, Dirk Fedde Ganzinga en noch in hantsjefol oare keatsers wienen better. Dêr koe ik net tsjin oan traine. Ik wist myn plak: It tredde partoer. Gjin bûnspartij of Freule foar my. Neat mis mei. Wy moedigen ús earste partoer oan op de Freule Partij en erkenden har klasse. Wienen der sels grutsk op. En we keatsten allegear mei ynmoed fierder.

Ik kin noch wat begryp opbringe foar de tinkrjochting fan Dronryp en Menaam. Je moatte tsjinwurdich in protte út de kast helje om jongere keatsers te stimulearjen. En ik gun fansels eltse keatser in bûnspartij, in Freule, in Ald Meiers. Mar om no ek al de striid út it keatsen te heljen dat giet my te fier. En sokke partijen binne bysûnder, eksklusyf, dus mei de seleksje ek hurd wêze. Oars ferwurde dy moaie klassike en eksklusive partijen ek mar ta trochdewykse modale keatspotsjes. En dat moat no krekt net! Hjir moat kwaliteit foar kwantiteit gean.

De KNKB giet foar in grut part mei yn it foarstel fan Dronryp/Menaam. Op de bûnspartijen meie yn 2019 en 2020 al meardere partoeren fan ien feriening útkomme as it oan it haadbestjoer leit. Oer de Freule en de Ald Meiers binne ús bobo's noch wat foarsichtiger. Ik bin benijd wat de AV derfan fynt. Op 14 maart sille wy it hearre."

Trefwurden: 
keatsen Geert van Tuinen
(Advertinsje)
(Advertinsje)